Warns Buren N,H.Kerk

Ansichtkaart Warns Buren N,H.Kerk
beschr.in 1907
Conditie: Gebruikt
Periode: Voor 1920
15,00
Verkoop door KVR
Coby. Smits Klijnstra schreef op 01-09-2025
Sechstich jier lyn. Ús hûntsje Dolly boarte mei de jonges op de dyk. Springe, drave, oangean en samar oer de dyk fleane wilens der een motorrider oankaam. De motor oer de kop, de hûn dea en de jonges styf fan de skrik nei de kant.Tûzenden triennen streamden oer de wangen en de buorman fan it hûs foaroan hat swijend syn skeppe út it hok krigen en de hûn op syn eigen hiem begroeven.
De motorrider mankearde wûnderwol neat en doe ús heit de jûns thúskaam hat er it drama oanheard. Ferjitst it noait wer. Samar de altyd blide en boartlike kameraad wei.
Mar ek sa gewoan en sûnder drokte de lju noch mei inoar omgiene. Buorman hie ek sizze kinnen, wat ha ik der mei nedich. De plysje hie proces verbaal opmeitsje kinnen en de motorrider hie ek opspylje kinnen.
Just omdat de minsken inoarren koene waard alles sa folle mooglik yn de minne skikt. Wy wennen doe yn dat hûs mei dat puntdak neist de beammen.